Bom: 'Ruten en doarren ticht'

01 apr 2012 - 14:51

Binnen in straal fan 300 meter fan it projektyl yn it wetter oan de Westersingel moatte minsken binnen bliuwe. Se moatte ruten en doarren tichthâlde en net by de ruten stean fanwege de feilichheid. Der rydt in lûdswein troch de wyk om minsken dit mei te dielen. Yn it wetter fan de Westersingel leit sûnt sneintemiddei in projektyl yn it wetter. Eksperts ûndersykje wat it is. Plysje en oare helptsjinsten binne mei tariedings foar in mooglike ûntromming dwaande. Neffens de gemeente soe it gean om in âlde seemyn út de twadde wrâldoarloch.

Dûkers fan it kommando ha mei in boat nei it projektyl west foar neier ûndersyk.
Om 16.15 oere is op it stedhûs in parsepetear mei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)