Winst LDODK, SCO en MF

LDODK is wer koprinner yn de haadklasse. De kuorballers fan Gerald Aukes wûnen yn Wormer mei 24-20 fan Groen Geel. Maklik gong it net, mar troch in sterke twadde helte wie de winst fertsjinne. SCO bleau yn it spoar troch thús mei 25-18 te winnen fan AKC. Ek dêr stie in protte druk op de wedstriid. Tsien minuten foar de ein joech AKC belies.
Mid-Fryslân is nei de 24-22 oerwinning op Vada út de degradaasjesoargen. By MF wie Marvin Smorenburg de grutte man.