Wedstrydsje muntsje sykjen

Sawat 120 metaaldetektorfanaten diene sneon yn 'e fjilden by De Jouwer mei oan in wedstriid om safolle mooglik muntsjes yn 'e grûn te finen. It sykjen mei metaaldetektoaren nei skatten út it ferline is wakker populêr yn Fryslân.
Gjin aaisikers mar 'goudsikers' giene manmachtich de fjilden yn. De muntsjes wiene troch de organisaasje yn 'e grûn bedobbe. Mei boeren is ôfpraat dat de gatten ek wer tichtmakke wurde sille.