Winst foar Harkemase Boys

06 mrt 2010 - 16:33
  • Oebele Schokker hat krekt in goal makke

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat goede saken dien troch op sportpark De Bosk mei 3-0 fan Genemuiden te winnen. It wie de middei fan Oebele Schokker. Yn 'e earste helte sette er Dennis Loer frij foar de goal fan Genemuiden en dy koe net mear misse. Noch yn de earste helte soarge Oebele Schokker sels foar de 2-0.

Yn de twadde helte wie it wer Schokker dy't de einstân fan 3-0 op it boerd sette. Harkemase Boys hat no 26 punten út 13 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)