Skoallesportplak ek foar buert

It Marnekolleezje yn Boalsert
It terrein om de nije kampus fan it Marnekolleezje yn Boalsert hinne wurdt fierder ynrjochte. By de skoalle komme in fuotbalfjild, foarsjennings foar basketbal en skate, in tafeltennistafel en parkearplakken.
De nije foarsjennings binne net allinnich bedoeld foar de learlingen fan 'e skoalle, mar ek foar bern út de wenwiken deromhinne. De gemeente hopet sa dat de bern mear bewege sille. De ynrjochting kostet hast 400.000 euro.