Grutte alkoholkontrôle plysje

By in grutte alkoholkontrôle yn de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân moast ien bestjoerder it rydbewiis ynleverje. Fan de 479 kontrolearre bestjoerders hiene njoggen te folle op.
Op 'e Gordyk krige in man trije kear in proses-ferbaal. Hy waard oanhâlden foar riden mei te folle drank op. Mei in rydferbod stapte er wer yn de auto en woe er fuortride. Hy krige der twa prosessen-ferbaal by: foar riden mei in rydferbod en foar dronken riden.