Fytsende frou beetpakt
In 43-jierrige frou út Harns is freedtenacht lestichfallen troch in man. De frou fytste oer de Oosterparkwei doe't de man har beetpakte. Mooglik woe er har wat ûntstelle. De frou wist te ûntkommen.
It giet om in 40-jierrige man mei donkere klean oan en in bomberjack. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.