Hitlergroet nei plysjes
In 18-jierrige jonge út Twizelerheide is yn 'e nacht fan freed op sneon yn Ljouwert oanhâlden. De man die op it Grut Skavernek de Hitlergroet nei twa plysjes yn in auto.
De jonge hie fierste folle drank op. Hy is meinaam nei it plysjeburo.