Poal ramt lampepeal en auto's

06 mrt 2010 - 14:14

In dronken Poal (38) is freed yn Harns tegearre mei syn frou oanhâlden nei't er botsings feroarsake hie. Plysjes seagen in stikkene lampepeal mei dêrby auto-ûnderdielen op 'e dyk. Justjes fierderop stie in auto mei in soad skea en yn noch wer in oare strjitte wer ien. De Poal siet yn dy skansearre auto achter it stjoer. Syn frou (33) siet njonken him.

De man wurdt yn syn heitelân socht troch de plysje. It echtpear sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)