Soarchsintrum Tramkwartier

06 mrt 2010 - 13:49

Alderein yn 'e Vosseparkwyk yn Ljouwert kin tenei foar aktiviteiten en foarsjennings yn multyfunksjoneel sintrum Tramkwartier terjochte. Nei de iepening fan freed is der sneon in iepen dei.

Yn it nije gebou sitte in dokter, in soas, in soarchstipepunt fan Palet en in fysioterapeut. Fierders binne der soarchapparteminten en keapflatsjes. De nijbou stiet op it terrein fan 'e eardere tramloads fan it NTM. Dêr wurde ek noch gesinswenten boud

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)