Ingeborg Kroon wint 500 m

Ingeborg Kroon (foto: Martin de Jong)
Reedriidster Ingeborg Kroon út Snits giet nei de 500 meter by de Nederlânske kampioenskippen allround oan 'e lieding. Kroon sette op Thialf in tiid del fan 40.16. Dêrmei wie se rapper as Rosa Pater (40.19) en Anice Das.
Nederlânsk kampioen Ireen Wüst en Diane Valkenburg dogge net mei oan it NK allround. Sy binne al wis fan dielname oan it wrâldkampioenskip allround, dat oer twa wiken ek op It Hearrenfean ferriden wurdt.