SC Cambuur docht goede saken

05 mrt 2010 - 22:02

SC Cambuur hat freedtejûn de belangrike wedstriid tsjin FC Zwolle mei 3-0 wûn. Sandor van der Heide iepene yn de 59e minuut de skoare. Oan de ein fan de twadde helte wie it Kevin Diaz dy't de stân op 2-0 sette. Yn blessueretiid makke Jeffrey de Visser de 3-0.

Troch de oerwinning docht Cambuur wer folop mei yn de striid om it kampioenskip. Cambuur stiet no op it twadde plak yn de Jupiler League mei 53 punten. De Graafschap hat 60 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)