Fryske SP skrokken fan Kant

05 mrt 2010 - 17:29

De Fryske ôfdieling fan de SP is bot skrokken fan it opstappen fan partijlieder Agnes Kant. Tongersdei liet de SP foarfrou witte net langer mear de karre lûke te wollen. Goed trije moanne foar de Twadde Keamer-ferkiezings moast de SP op syk nei in nij gesicht.

Freed waard Emile Roemer beneamd as nije lieder. De wikseling fan de wacht sil neffens Van de Kolk fan de Fryske SP gjin grutte gefolgen ha foar de SP yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)