Recycling fan bankstellen

In nije stifting wol alle Fryske bankstellen en matrassen dy't gewoanwei by it grut smoargens telâne komme, ynsammelje en wer brûke. Op in saneamde miljeubuorkerij wolle se minksen mei in beheining ynsette om it guod út elkoar te heljen.
It losse hout, stof en oare basismaterialen soene dan werom kinne nei de yndustry. Dêrmei soe folle minder ôffal ferbrând hoege te wurden. Sa soene alle jieren goed 23.000 bankstellen yn Fryslân fuortgoaid wurde.