Dea Parregeaster by AVRO

05 mrt 2010 - 13:48

It AVRO-programma Opsporing Verzocht nimt freed en moandei in rekonstruksje op oer de dea fan Tom Oldenbroek. De 17-jierrige ynwenner fan Parregea kaam yn 2000 net thús nei in jûntsje stappen. Seis dagen letter waard syn lichem fûn yn in sleat by Skraard.

Justysje seit wis te witten dat Tom troch ferdrinking om it libben kaam is. Syn mem tinkt dat er fermoarde is. Nei in útstjoering fan it tv-programma it 6e zintuig en in stik yn de Telegraaf kamen der ferskate tips.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)