Popov werom yn de basis

Goran Popov krijt wer in kâns
Goran Popov keart werom yn de basis by Hearrenfean. Trainer Jan Everse passearde de Masedoaniër ferline wike, mar foar de wedstriid tjin AZ stiet Popov wer links yn de ferdigening. Dingsdag begjint dêrtroch op 'e bank.
Gerald Sibon is in fraachteken. Hy hat lêst fan syn ankel. Papadopulos begjint oars yn de basis. Ek Grindheim mei begjinne tsjin AZ. De Noar komt werom fan in skorsing, dêrtroch sit Haglund op de bank. Väyrynen begjint sûnt in jier wer yn de basis.