Ferljochting noch yn de hobbel

It probleem mei de strjitferljochting yn Ljouwert is noch net oplost. Sûnt heal jannewaris kin de ferljochting net goed regele wurde. De lantearnen baarne dei en nacht of krekt hielendal net. Netwurkbehearder Enexis hat in nij ûnderdiel komme litte út Frankryk. Dat waard ein jannewaris pleatst, mar blaasde direkt op. Yntusken wurdt útsocht hoe't dat kin.
It ûnderdiel is no op 'e nij besteld yn Frankryk, mar it kin noch wol in pear wiken duorje foar't it hjir is.