Mear grêven skeind yn Ljouwert

It Noarderbegraafplak
Op it Huzumer tsjerkhôf en it Noarderbegraafplak yn Ljouwert binne noch folle mear grêven skeind. Earst gie men út fan 100 grêven, no binne it al 170. De lêtste twa wiken is der koper en oar metaal fan grêven ôf sloopt en meinaam. Dêrtroch binne de grêven bot skansearre.
De plysje hat yntusken in twadde fertochte oppakt. It giet om in 43-jierrige man út Ljouwert. Tiisdei waard in 57-jierrige man oanholden op fertinking fan stellerij en fernielerij.