Noch 10 katten yn opfang

Frou Claus mei har katten (argyffoto)
Yn it Poezenparadijs yn Nij Altoenae sitte noch mar tsien katten. Earder hie eigneresse Jacqueline Claus 60 katten. Nei klachten oer oerlêst moast it tal katten fan de gemeente it Bilt werombrocht wurde. Yn july ferline jier bepaalde de rjochter dat se maksimaal 10 katten opfange mocht. Claus hat har dêr lang tsjin ferset.
De gemeente wie fan doel om it tefolle oan katten fuort te heljen út de wenning. Mar by kontrôle die bliken dat dat net nedich wie.