Piter Wilkens skriuwt diktee

Piter Wilkens
Piter Wilkens skriuwt dit jier de tekst fan it Grut Frysk Diktee. Dat diktee wurdt holden op 20 april yn de steateseal op it Provinsjehûs. Wilkens lêst it dy jûns sels foar. Elk dy't tinkt dat er in betûfte Fryskskriuwer is kin oant 30 maart meidwaan oan it kwalifikaasjediktee om sa in plakje yn de steateseal te bemachtigjen.
Om't it diktee foar de 10e kear holden wurdt, dogge ek in tal bekende Friezen mei, lykas Hylke Speerstra, Lida Dijkstra en Gurbe Douwstra.