NNO spilet 'Armin van Buuren'

04 mrt 2010 - 22:48

It Noord Nederlands Orkest spile tongersdeitejûn yn de Harmonie yn Ljouwert muzyk fan DJ Armin van Buuren. De lêste moannen hawwe se de trance-muzyk omfoarme nei muzyk, dy't brûkber wie foar it orkest dat meast klassike muzyk spilet. It resultaat is hiel bysûnder. Yn de Harmonie kamen dêr sa'n 600 minsken op ôf, dêrmei wie de foarstelling lang net útferkocht.

Freed spilet it NNO yn Grins en dan is DJ Armin van Buuren der sels ek by. Dy foarstelling is wol útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)