Ulbe Brandsma skipper Langwar

Skipper Ulbe Brandsma
It Langwarder skûtsje hat in nije skipper. De stichting hat Ulbe Brandsma beneamd ta skipper fan it skûtsje fan Langwar. Hy is de pakesizzer fan de ferneamde skûtsjeskipper Ulbe Zwaga. Mei de beneaming fan Ulbe Brandsma hat Langwar dochs wer in skipper út de Zwaga-famylje.
Brandsma hat al in lange karriêre as bemanningslid fan de SKS-float. It bestjoer fan de SKS hat de beneaming fan de nije skipper goedkard.