Kuolwein foar foedselbanken

04 mrt 2010 - 18:53
  • Achter dizze bus komt no in kuol-oanhingwein

De foedselbanken fan Ljouwert, Grins en Emmen hawwe tongersdeite in kuol-oanhingwein krigen fan it bisdom Ljouwert-Grins. It bisdom hat dêrfoar in oerienkomst sletten mei in auto-lease-bedriuw yn Grins. De foedselbanken kinne de weinen brûke foar it ferfier fan farsk guod.

Neffens de biskop is de gearwurking benammen bedoeld as oprop oan oare bedriuwen om har yn te setten foar maatskiplik ferantwurd ûndernimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)