Tweede Kramer bliuwt aktyf

04 mrt 2010 - 17:20

De lokale politike partij De Tweede Kramer bliuwt ek nei it grutte ferlies by de gemeenteriedsferkiezings yn Smellingerlân bestean. Oprjochtster en listlûker Petra Kramer helle tsjin de ferwachting yn gjin sit yn de nije ried.

Mar Kramer sil har aktyf bemuoie mei de polityk, bygelyks troch boargerinisjatieven yn te tsjinjen. Ek sil se meiwurkje oan in polityk radioprogramma op de lokale radiostjoerder SmelneFM.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)