Konteners net mear lege

04 mrt 2010 - 15:08

Smellingerlân sil ôffalkonteners fan hússmoargens dy't net goed by de dyk set wurde fan april ôf net mear leegje. Sûnt begjin dit jier wurdt it smoargens ophelle mei in saneamde 'sydlader'.

De sjauffeur is tagelyk ek jiskeman en kin mei in lader, sûnder út te stappen, de kontener leegje. Dêrfoar moatte dy wol yn ien line opsteld wurde en tusken konteners moat in ôfstân fan fyftich sintimeter sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)