Bern leare Frysk fan kikkert

04 mrt 2010 - 14:37

Frysk leare troch in kikkert, dat is de ynstek fan it nije lesprogramma fan de kampanje Praat mar Frysk. It giet om Rinze de Kikkert. Rinze siket in útfanhûzersplakje by de groepen 1 en 2 fan basisskoallen. Rinze sil dan syn eigen koffer meinimme, sadat er him net ûnwennich hoecht te fielen.

Dêrnjonken hat er ek in spesjale lesbrief by him. Dêr steane ferhalen yn, ferskes en bewegingsspultsjes dy´t de bern mei Rinze dwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)