Jeugd Cambuur-Grins byelkoar

04 mrt 2010 - 12:49

De jeugdopliedings fan Cambuur en Grins wurde wierskynlik yn it kommende seizoen gearfoege. Klups wurde troch de KNVB twongen om gear te wurkjen om't der oars gjin jild is foar de jeugdopliedings. De gearwurking hat as foardiel dat der dan in beloftetiim mei spilers fan Cambuur en Grins komt.

Cambuur rekkenet ek trainingkompleks De Hertgang kwyt. Eigner Friesland Foods wol dêr bouwe. Cambuur siket trainingsromte by VV Ljouwert en op sportpark Wiarda.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)