Skorsings by Cambuur

04 mrt 2010 - 12:48
  • Randy Rustenberg

Cambuur mist freed foar de wedstriid tsjin FC Zwolle twa basisspilers. Randy Rustenberg en Danny Guijt binne beide skorts. Nuelson Wau spilet foar Rustenberg, Paul Beekmans foar Guijt.

Cambuur stiet neffens trainer Stanley Menzo foar in beslissend wykein. Freed tsjin Zwolle en moandei tsjin De Graafschap betsjut twa topwedstriden yn trije dagen. By winst heakket Cambuur oan by de top. By ferlies moatte de Ljouwerters in stapke tebek dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)