Fjouwer himpkwekerijen oprôle

04 mrt 2010 - 10:49

De plysje hat tongersdei op fjouwer plakken yn Fryslân himpkwekerijen oprôle. Yn trije gefallen wie de plysje dêroer tipt. Op It Hearrenfean waard yn in hûs oan de Bolster in kwekerij mei 48 planten fûn, de 30-jierrige bewenster is oanhâlden.

Yn Ljouwert waard op twa plakken in himpplantaazje fûn. Yn in hûs oan de Gealanden ien mei 300 planten en oan de Paulus Akkermanwei in lytseren, mei 50 planten. Bewenners fan beide huzen binne arrestearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)