Timmer traint mei It Fean

04 mrt 2010 - 10:42

Henk Timmer traint tongersdei mei de seleksje fan Sportklup Hearrenfean. De Feansters ha troch blessueres fan de earste trije keepers, Lejsal, Steppe en Vandenbussche in keepersprobleem. Timmer soe dêr mooglik in oplossing foar wêze kinne.

De 38-jierrige âld-keeper fan û.o. AZ en Feyenoord hat noch gjin ôfspraken met de klup makke. Neffens direkteur Kuiper wol Hearrenfean earst witte oft Timmer fit is. Dêrnei wurdt besjoen oft er wat foar de klup betsjutte kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)