Harkje nei ynboargerers

04 mrt 2010 - 10:26

De gemeente Ljouwert moat mear sjen nei de winsken fan minsken dy't ynboargerje wolle. Troch te sjen nei wêr't ynboargerers ferlet fan ha, wurdt de stap om mei te dwaan oan in kursus lytser. Der soe ûnderskied makke wurde moatte tusken jonge en âlde manlju en froulju en tusken minsken dy't wurkje en wurk sykje.

De begelieding soe better kinne troch de minsken mear persoanlike oandacht te jaan. Dat docht bliken út ûndersyk dat de gemeente dwaan litten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)