Minder ljipaaien tastien

04 mrt 2010 - 10:15

It oantal ljipaaien dat tusken 1 maart en 1 april meinaam wurde mei, is troch de provinsje nei ûnderen ta bysteld fan 6431 nei 5939. Deputearre steaten hawwe de ûntheffing fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten oanpast.

Oanlieding is in fersyk fan Faunascherming. Dy hie de provinsje frege om de sifers fan de stân fan it tal ljippen yn 2009 yn it beslút mei te nimmen. Op basis fan dy sifers hat de provinsje it beslút naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)