Winkeldieven oppakt yn Dokkum

De plysje hat woansdei yn Dokkum trije manlju oppakt fanwege winkeldieverij. Ien fan har hie yn in winkel yn de Grote Breedstraat jild út de kassa stellen en besocht út te naaien. Winkelpersoniel koe him en syn maat yn de kraach gripe en belle dêrnei de plysje.
Omdat de plysje it fermoeden hie dat der noch in persoan belutsen wie by de stellerij, gie dy op ûndersyk út. Flakby fûnen se in tredde fertochte yn in auto. Dy hie stellen guod bij him.