Aris wint maklik fan Rotterdam

04 mrt 2010 - 10:03

De basketballers fan De Friesland Aris hawwe woansdeitejûn sûnder muoite wûn fan hekkesluter Rotterdam. Aris wie fan de earste minút ôf de baas op it fjild. Nei tsien minuten stienen de Ljouwerters al mei 23-11 foar. Dat oerwicht bleau de hiele wedstryd yn stân. De einstân wie 85-58. De maklike winst makket it eardere ferlies fan de Ljouwerters yn Rotterdam noch ûnbegrypliker as it al wie.

Aris bliuwt troch de winst fêst op it seisde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)