FNP wol Kramer as ynformateur

Johannes Kramer
Fraksjefoarsitter Johannes Kramer fan de FNP yn provinsjale steaten moat ynformateur wurde fan in nij kolleezje yn de gemeente Skarsterlân. De FNP dêr draacht him foar foar dy posysje.
De Fryske Nasjonale Partij is woansdei by de gemeenteriedsferkiezings net allinnich de grutste partij wurden yn Skarsterlân, mar ek yn Gaasterlân-Sleat. Ek yn aardich wat oare gemeenten wûn de FNP sitten. Yn Opsterlân ferdwynt de partij út de ried.