Grut ferlies PvdA Hearrenfean

04 mrt 2010 - 00:40

De PvdA is de grutte ferliezer fan de riedsferkiezings op it Hearrenfean. De PvdA ferlear 4 fan 'e 12 sitten, mar bliuwt wol de grutste partij fan 'e ried. Leefbaar Heerenveen wûn 2 sitten en kaam fan 2 op 4, D66 komt mei twa sitten wer werom yn de gemeenteried.

De VVD is de no twadde partij fan Hearrenfean mei 4 sitten. De FNP wûn der ek in sit by, GrienLinks en de ChristenUnie bleaune gelyk. Nijkommers Lokaal10 en TON hellen de kiesdieler net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)