PvdA achterút yn Smel'lân

04 mrt 2010 - 00:22

Ek yn Smellingerlân is de PvdA de grutte ferliezer fan de ferkiezings wurden. De sosjaaldemokraten ferlearen 4 fan 'e 11 sitten yn de ried. It CDA ferlear ien sit en krijt der no 6. De SP ferlear ien fan de 3 sitten.

De grutter winner yn Smellingerlân is de VVD dy't fan 2 nei 4 sitten groeide. GrienLinks, FNP en Smellingerlands Belang krigen der elts in sit by. D66 komt wer werom yn de ried. De Tweede Kramer en de SLVP hellen gjin fan beide de kiesdieler.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)