GBF grutste partij Frjentsjer

04 mrt 2010 - 00:15

Gemeentebelangen GBF is de grutste partij yn de nije ried fan Frjentsjerteradiel. GBF wûn 10 % en groeide fan 3 nei 5 sitten. PvdA, CDA en FNP buorken alle trije achterút. Nei GBF is it CDA no de twadde partij yn de nije ried mei 4 sitten.

De VVD wûn der in sit by en giet fan 1 nei 2. D66 komt wer werom yn de ried fan Frjentsjerteradiel. GrienLinks en de ChristenUnie en hâldde harren sit yn de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)