Achtkarspelen: PvdA ferliest

De Partij van de Arbeid is de grutte ferliezer fan de ferkiezings yn Achtkarspelen wurden. De PvdA gie 10 % achterút en hâldt yn de ried trije fan de seis sitten oer. It CDA hâldde har seis sitten en bleau de grutste partij fan Achtkarspelen. De FNP wûn der in sit by en giet fan 4 nei 5 sitten.
Njonken de FNP krigen ek de ChristenUnie en Gemeentebelangen der in sit by; beide fan 2 nei 3. De opkomst fan Achtkarspelen wie mei 54 % 9 persint minder as yn 2006.