FNP grutste partij Skarsterlân

03 mrt 2010 - 23:52

De Frysk Nasjonale Partij is de grutte winner fan de ferkiezings yn Skarsterlân. De FNP is no mei 7 sitten de grutste partij yn de nije gemeenteried. De PvdA ferlear 3 sitten en gie fan 7 nei 4. De VVD buorke ek in bytsje foarút en gie fan 2 nei 3. It CDA bleau gelyk mei 6 sitten.

De Socialistische Partij, dy't in list yntsjinne mei ferfalske hantekens, helle de kiesdieler net en komt sadwaande net yn de ried fan Skarsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)