PvdA ferliezer Dongeradiel

03 mrt 2010 - 23:24

De Partij van de Arbeid is de grutte ferliezer fan de ferkiezings yn Dongeradiel. De PvdA gie fan 21,7 nei 12,4 % en hâldt fan de fiif sitten mar twa oer. It CDA bliuwt de grutste partij fan Dongeradiel mei 7 sitten, de FNP is no de twadde partij mei 4 sitten. De VVD wûn der in sit by en komt no op twa sitten.

De nijkommers GrienLinks en D66 kamen net fierder as 4% en 3,3% en hellen dêrmei de kiesdieler fan Dongeradiel net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)