Sven hat huldiging net ôfsein

03 mrt 2010 - 21:36

It is net wier dat Sven Kramer de huldiging op It Hearrenfean ôfblaasd hat, lykas de gemeente beweart. Dat seit syn saakwaarnimmer Ron Mulder. It berjocht wie dat in huldiging net passe soe by hoe't Sven him op dit stuit fielt. Neffens Mulder is dat perfoarst net wier.

De gemeente hie sûnder oerlis in datum pland en dy paste Sven net. Der leit no in foarstel fan de gemeente om de huldiging op 15 april te hâlden, oer dat foarstel tinkt Sven noch nei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)