Flylân it earst: de VVD wint

Net Skiermûntseach, mar Flylân wie woansdei de earste gemeente fan Fryslân mei in foarriedige útslach. Dy útslach pakte bysûnder goed út foar de VVD; mei 288 fan de 597 stimmen wûn de VVD in sit. Mei 4 sitten yn in gemeenteried fan 9 is de VVD no dúdlik de grutste partij fan it eilân.
Algemien Belang Vlieland bleau gelyk mei trije sitten. De PvdA ferlear in sit en sakke mei 3 sitten werom nei twa sitten. De opkomst op Flylân wie mei goed 70 % wat leger as yn 2006.