Ljouwert: 21.000 stimadvizen

De Ljouwerter stimwizer is 21.000 kear rieplachte
De stimwizer fan 'e gemeente Ljouwert is foar de gemeenteriedsferkiezings goed besocht. It tal besikers is úteinlik útkommen op in lytse 21.000 besikers. Ofrûne moandei stie de teller noch mar op 12.000 en dat tal foel de gemeente wol wat ôf.
De lêste pear dagen hawwe noch hast 9.000 minsken de stimwizer ynfold en dêrmei kaam it tal besikers úteinlik heger út as dat ferwachte wie.