Kramer brekt net mei Kemkers

03 mrt 2010 - 20:14
  • Kramer: 'te close' mei Kemkers om te brekken...

Reedrider Sven Kramer is net fan doel om te brekken mei syn coach Gerard Kemkers. Berjochten yn dy rjochting yn de media kloppe net. Dat sei Kramer by Omrop Fryslân yn it Boppeslach Kafee.

Neffens Kramer is hy 'te close' mei syn coach om in punt te setten achter de gearwurking. Wol sil der takom seizoen in soad feroarje yn de TVM ploech. En derby is alles mooglik sawol yn it trainingsprogramma as yn de gearstalling fan it begeliedingsteam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)