Pasjinteferfier feilich steld

Jack de Vries mei boargemaster Visser op Skylge
It pasjinteferfier fan de waadeilannen nei de fêste wal is feilich steld. De SAR-helikopters ferdwine út Fryslân, mar de eilanbewenners geane der wol op foarút.
De SAR ferhuzet nei Den Helder, dêr't dan alle helikopters fan definsje stean. Dat sil op syn betiidst oer twa jier wêze. Dan is it nijste type beskikber, de NH90. Dy helikopter kin hurder fleane. Der kin ek nachts mei flein wurde.