Frânske priis foar Joop Mulder

03 mrt 2010 - 16:03

Joop_Mulder is troch de Frânske ambassadeur beneamd ta ridder yn de oarder fan de keunsten en letteren. Mulder fan Oerol krijt de priis foar syn ynset foar de fersprieding fan de Frânske kultuer. Foar Oerol wurke hy yn de rin fan de tiid gear mei sa'n 100 Frânske ynstellings.

Mulder is bliid mei de ûnderskieding, it ûnderstreket neffens him it ynternasjonale karakter fan Oerol. Dit jier binne der ek wer Frânske selsskippen op it Skylger festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)