Priis foar nije fyts Batavus

03 mrt 2010 - 15:09

Batavus op It Hearrenfean hat in belangrike ûntwerppriis wûn foar in nij type stedsfyts. It giet om de IF Gold Award, dy't útrikt is op in útstalling yn Hannover, yn Dútslân. De ynternasjonale sjuery is bot te sprekken oer de foarm en kleuren fan de fyts en de kleuren.

Der wiene goed 2500 ynstjoerders foar de priis. Eardere winners wiene Apple, Dell en Volkswagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)