Sven Kramer is riddere

Sven_Kramer is woansdei beneamd ta ridder yn de oarder fan de Nederlânske Liuw. Ek Mark Tuitert en Nicolien Sauerbreij krigen it lintsje fan demisjonêr minister Klink foar har gouden medalje op de Spelen. Gouden medaljewinner Ireen Wüst wie fjouwer jier lyn al keninklik ûnderskieden nei winst op de Spelen fan Turijn. Se krige in fleanles oanbean.
Alle sporters waarden yn in iepen koets troch Den Haach riden. Der wie in soad publike belangstelling.