Frou wurdt feart ynriden

03 mrt 2010 - 12:29

In ynwenster (18) fan Pitersbierrum is tiisdei by it opriden fan har hiem fan de dyk riden troch in automobilist (25) út Seisbierrum. Se draaide har oprit oan de Hearewei op. De bus achter har stoppe, mar dy waard ynhelle troch de bestjoerder út Seisbierrum. Hy botste op de sydkant fan de auto fan de frou, dy't troch de klap de feart ynskeat.

De bussjauffeur hat earste help ferliend. De frou is mei in harsensskodding nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)